Jubileumboek oer fierljeppen

© Omrop Fryslân
It Frysk Ljeppers Bûn, it FLB, presintearret in jubileumboek omdat it bûn dit jier fyftich jier bestiet. It boek wurdt skreaun troch it bûn sels yn gearwurking mei Klaas Jansma. Dêrneist is der ek in ferkiezing fan de grutste Fryske ljepper ea. Yn Noardburgum is der de hiele simmer in tentoanstelling yn Scherjons Klompemuseum.
Neist tal fan ekstra wedstriden is der op 19 augustus ek in jubileumwedstriid yn Winsum.