Houwing net mei nei Haarlem

24 feb 2006 - 16:43

Cambuur-spits Thijs Houwing giet net mei nei de útwedstriid tsjin Haarlem. Houwing stie ferline wike yn 'e thúswedstriid tsjin FC Zwolle noch yn de basis. Hy waard yn it skoft wiksele. Houwing hat te hearren krigen dat hy net goed genôch is om by de lêste 18 te sitten en trainde freedtemoarn, wylst de rest fan de groep yn 'e bus stapte.

Cambuur-trainer Roy Wesseling stjoerde tongersdei ek al Ronny Venema nei hûs neidat er wurden hân hie mei de spiler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)