Frijsprutsen man sit noch fêst

24 feb 2006 - 16:35

De man dy't sân moanne ûnskuldich yn de sel siet foar in oerfal by de Griene Stjer by Ljouwert, is noch altyd net frijlitten.

De man waard koartlyn frijsprutsen troch it gerjochtshôf, mar is doe nei in ynstelling foar jeugd-TBS yn Grins brocht. Hy moast in oare straf útsitte, mar hie yn de praktyk al ferlof. De ûnterjochte beskuldiging hat dêr in ein oan makke. Syn advokaat sil nei de rjochter om de man frij te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)