Ritsma op Wrâld Cup Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Rintje Ritsma rydt by de finale fan de Wrâld Cup op It Hearrenfean de 5.000 meter. Hy is talitten op grûn fan syn prestaasjes op it NK Allround. Sven Kramer docht mei op de 1.500 en 5.000 meter. Beorn Nijenhuis start op de 1.000 meter.
By de froulju binne Marieke Wijsman (500 meter), Barbara de Loor (1.000 en 1500 meter) en Wieteke Cramer (3.000 meter) de Fryske dielnimmers. De Wrâld Cup begjint op freed 3 maart.