Plak fûn foar plysjehûnen

© Omrop Fryslân
De Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Nederlandse Politiehondenvereniging (KNPV), krijt nei fjouwer jier omswalkjen in eigen ûnderkommen.
Op it bedriuweterrein A-7 by Drachten is in geskikte lokaasje fûn. Dêr moast de klub earder wei, fanwege de oanlis fan dat bedriuweterrein. Yn de tuskentiid hie de klub ûnderdak by in oare plysjehûneferiening yn Sigerswâld. Troch klachten fan buertbewenners moasten de beide ferienings dêr wei