Meiprate oer sintrum Grou

© Omrop Fryslân
Undernimmers yn Grou kinne meiprate oer hoe't de tagong ta it sintrum der útsjen moat. B en w fan Boarnsterhim ha fannewike in foarlopich bestemmingsplan foar it sintrum oannaam. Dat plan jout de rûmte om wat oan de tagong te dwaan. It wurdt bygelyks makliker om bedriuwen te ferpleatsen.
De strjitte dy't nei it sintrum liedt, sjucht der net útnoegjend út. Der binne in soad achterkanten fan winkels te sjen en de stoepe is fersakke.