FNP A'karspelen út elkoar

© Omrop Fryslân
De FNP-fraksje yn Achtkarspelen is út elkoar fallen, twa fan de fiif riedsleden binne woansdei opstapt. De belangrykste reden is dat de twa, Melle Kloosterman en Joop van Houten net mear mei fraksjefoarsitter Marten van der Veen troch ien doar kinne. Dy soe te dominant wêze.
Brekpunt foar de twa riedsleden wie dat fertroulike ynformaasje by oaren telâne kaam is. Se sille no as twamansfraksje fierder.