SC Hearrenfean út Europa Cup

© Omrop Fryslân
Foar fuotbalclub SC-Hearrenfean is it Europeeske avontoer foarby. De ploech fan trainer Verbeek wûn tongersdeitejûn de útwedstryd by Steaua Boekarest wol mei 0-1. Mar dat wie net genôch foar in plak yn de kwartfinales fan de UEFA-beker.
Hearrenfean ferlear foarige wike yn it eigen Abe Lenstra stadion mei 1-3. It winnende doelpunt yn Boekarest kaam oan it ein fan de wedstryd op namme fan Arnold Bruggink.