TU-Delft stekt jild yn superbus

24 feb 2006 - 10:03

De Technyske Universiteit Delft stelt 350.000 euro beskikber foar ûndersyk nei in superbus dy't de Rânestêd mei it Noarden ferbine moat. It giet hjir om in idee fan âld-romtefearder Wubbo Ockels. It jild sil brûkt wurde om spesjalisten oan te lûken.

De superbus soe mei in snelheid fan 250 kilometer yn de oere in alternatyf wêze kinne foar de Súderseeline. Ein dit jier wurdt dúdlik oft it projekt trochgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)