70 Asylsikers op strjitte set

24 feb 2006 - 09:42
Foto: Omrop Fryslân

Der komme noch hieltyd asylsikers op strjitte te stean, wylst minister Verdonk tasein hat dat dat net mear barre soe. Dat seit Klaas Harink, direkteur fan Vluchtelingenwerk Fryslân. Hy makke hjoed de sifers bekind fan it lêste heal jier.

Yn seis moanne binne 70 asylsikers yn Fryslân op strjitte set. Grut probleem is neffens Harink dat de needopfang oeral yn de provinsje fol sit.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)