Plysje lit TBS-er ûntglûpe

© Omrop Fryslân
In TBS-er is woansdei yn Ljouwert ûntsnapt út in arrestantebuske. De 23-jierrige man waard ferfierd fan de finzenis yn Grins nei De Marwei yn Ljouwert. Doe't it buske stilstie op de Aldlânsdyk, slagge hy deryn om de traaljes te ferbûgen en in rút fan it buske yn te traapjen. De bestjoerder en de byrider fan it buske hiene neat yn'e gaten.
De plysje koe de man letter wer oanhâlde en oerdrage oan justysje.