Nijbou Fries Museum stiet wif

23 feb 2006 - 14:29

De bou fan in nij Fries Museum op it Saailân yn Ljouwert is noch lang net wis. CDA en VVD yn Provinsjale Steaten hawwe grutte twifels oer de finansjele ûnderbouwing en de eksploitaasje mooglikheden fan it nije Fries Museum. Dat die woansdeitejûn bliken by in steategearkomste.

PvdA en FNP binne foar, alhoewol't de FNP noch wol in tal fragen hat. Bliuwe sawol CDA as VVD tsjin, dan falt de grûn ûnder de nijbouplannen fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)