Aksje tsjin opfang ferslaafden

23 feb 2006 - 12:24
Foto: Omrop Fryslân

De bewenners fan de Willemskade en de Skoallestrjitte yn Ljouwert komme mei in hantekenaksje om de komst fan in nije opfang foar ferslaafden mei psychyske problemen yn harren strjitte te kearen. Neffens de buertbewenners hat de Stichting Maatschappelijke Ondersteunings SMO te let kontakt socht mei de omwenjenden.

Fjirtjin dagen lyn krigen se in brief mei de meidieling dat der in opfang komme soe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)