Plysje hâldt Omroppers oan

23 feb 2006 - 12:14
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei op de Julianaleane yn Ljouwert in auto klemriden mei dêryn twa manlju mei bivakmûtsen op. Tsjûgen hiene de plysje warskôge. De manlju binne út de auto helle en fûilleard.

Al gau die bliken dat it om opnames gie foar Studio F, in skoaltv-programma fan Omrop Fryslân. It gie dan ek om sabeare oerfallers. Neffens de plysje hiene opnames mei nepwapens en mûtsen yn it foar oanmelden wurde moatten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)