Brânwacht siket frijwilligers

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Ljouwert is hurd op syk nei frijwilligers. De ploeg komt tsien frijwilligers tekoart. Dêrom is de lêste tiid dreech in goede besetting te krijen foar de brânwachtauto.
It tekoart oan frijwilligers spilet op mear plakken yn de provinsje. Hieltyd faker rukt de brânwacht ûnderbeset út. Om dêr feroaring yn te bringen wurdt útein set mei in nije kampanje. Tiisdei waard der in Ljouwert in oefening jûn mei in ekstra training helpferliening.