Cambuur stjoert Venema fuort

© Omrop Fryslân
Ferdigener Ronny Venema fan Cambuur mocht tongersdeitemoarjn net mei de groep meitrene. Hy waard fuortstjoerd troch trener Roy Wesseling. Venema soe him woansdei by in besprekking net goed gedroegen ha. Yn in petear mei de trener dêrnei soe de saak fierder eskalearre wêze.
Net ien fan 'e belutsenen wol tekst en útlis jaan. Venema giet freed net mei nei de utwedstriid yn Haarlim. Nije wike sille de partijen fierder prate.