Stroomkabel nei Flylân

© Omrop Fryslân
Continuon leit in stroomkabel fan 35 km oan tusken Flylân en in ferdielstasjon by Hjerbeam. De eilanners krije dêrtroch elektrisiteit fanôf de fêste wal. Op dit stuit krije se stroom fia in eigen enerzjysintrale op it eilân. Dy sintrale is âld en oan ferfanging ta.
Der soe earst in kabel tusken Flylân en Noard-Hollân komme, mar dy moast dan ûnder de Flyhors troch en de EOD, de Explosieven Opruimingsdienst, wol dat net lije. De oanlis kostet 12 miljoen.