Goed jier foar Boalsert

22 feb 2006 - 23:07
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Boalsert hat ferline jier 158.000 euro oerhâlden. Ferwachte wie dat der júst in tekoart fan 143.000 euro wêze soe. Dat betsjut in ferskil fan goed 3 ton.

It positive saldo komt mei trochdat de gemeente bepaalde ynvestearings te heech ynskatten hie. Ek it wurkjen mei subsydzjejilden hat posityf foar Boalsert útpakt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)