Banen ferlern troch fúzje Achmea

22 feb 2006 - 19:21

De fúzje tusken fersekeringsbedriuwen Achmea en Interpolis soarget net foar in soad ferlies oan banen yn Ljouwert. Dat seit direkteur personeelssaken Van den Brink fan Achmea, it memmebedriuw fan FBTO en Avéro yn Ljouwert.

Lanlik ferdwine der 3000 fan de 19.000 banen. Foar Ljouwert hat de fúzje yn alle gefallen konsekwinsjes foar de ôfdieling Pensioenen fan Avéro. Mooglik kin it baneferlies opfongen wurde troch natuerlik ferrin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)