Friesland Vaart:Drachten pakt út

© Omrop Fryslân
Smellingerlân pakt fan ´t simmer grut út mei it evenemint Friesland_Vaart. De gemeente wol sa sjen litte dat it súdeasten fan Fryslân hiel geskikt is as wettersportgebiet.
Op 27 juny komme de dielnimmers oan yn Drachten. Dêr binne dan optredens fan koaren, orkesten, sirkusakts en brassbands. Hichtepunt wurdt in teatershow fan it Dútse selskip Titanic op it Kyriat_Onoplein. Dêrby wurde tsientûzenen liters wetter brûkt.