Bou skoalle Folgeren kin los

22 feb 2006 - 16:08
Foto: Omrop Fryslân

De lêste problemen foar de bou fan de nije grutte skoalle yn De Folgeren yn Drachten binne oplost. Der komt in nije skoalle foar in pear hûndert bern.

Berneopfang Catalpa soe in stik fan de skoalle hiere, mar fûn de priis te heech. De gemeente Smellingerlân hat de priis oanpast. As der gjin akkoart berikt wie, hiene de bouplannen oanpast wurde moatten. Dat soe foar noch mear fertraging soarge hawwe. De bou leit no al twa jier achter op skema.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)