Harold de Vries nei Harkemase B.

22 feb 2006 - 14:37
Foto: Omrop Fryslân

Harold de Vries fan Sportklub De Jouwer makket de oerstap nei de Harkemase Boys. De 24-jierrige ferdigener spile de lêste trije jier by de sneinshaadklasser. Dêrfoar spile hy by de beloften fan FC Grins.

De Vries makket dit seizoen noch ôf yn De Jouwer. De linkerferdigener spilet begjin takom seizoen foar de Harkema.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)