Mear troulokaasjes yn Opsterlân

© Omrop Fryslân
Der mei ynkoarten praktysk oeral troud wurde yn de gemeente Opsterlân. B&W wolle it mooglik meitsje dat op in pear útsûnderingen nei alle oerkape plakken yn de gemeente as troulokaasje oanwiisd wurde kinne.
Neffens boargemaster Heldoorn fan Opsterlân wol de gemeente op dizze wize besykje de diskusje oer troulokaasjes te beheinen. It trouwen op in alternative lokaasje is wol djoerder as it trouwen yn it gemeentehûs.