CDA: Platfoarm is net itselde

© Omrop Fryslân
It ekonomysk platfoarm dat wethâlder Krol fan Ljouwert dizze wike foarstelde, is wat oars dan it besteande oerlis tusken gemeente en ûndernimmers. Dat stelt de Ljouwerter CDA-fraksje.
It giet om in nije manier fan gearwurkjen tusken hegeskoallen, ûndernimmers en gemeente, om it ekonomysk belied fan Ljouwert te foarmjen. Ynearsten waard der kritysk op it foarstel reagearre.