Oerlêstmeldpunt nedich yn Snits

© Omrop Fryslân
Der moat yn Snits in algemien meldpunt foar oerlêst komme. Dat is alteast it plan fan de ChristenUnie, Grienlinks en de PvdA. Sa'n meldpunt moat derfoar soarge dat oerlêst better yn kaart brocht wurdt en flugger oplost wurde kin.
Der soe no noch tefolle ûndúdlikheid wêze oer wêr't ynwenners welke klacht fan oerlêst yntsjinje kinne. Gefolch is dat in soad oerlêst net meld wurdt.