'Pynlike flater OZB Ljouwert'

22 feb 2006 - 10:56

De gemeente Ljouwert hat in flater makke by it fêststellen fan de tariven foar de ûnreplik saakbelesting. It like de gemeente goed om de tariven nochris tsjin it ljocht te hâlden nei oanlieding fan de útlittings fan minister Zalm fan Finânsjes.

Dy sei dat in grut tal gemeenten de tariven te folle ferhege ha soene. Ut it ûndersyk fan de gemeente Ljouwert docht no bliken dat de taryfsferheging 0,012% boppe de tastiene 2% útkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)