Ek oerdeis fûljearje yn Ljouwert
De plysje fûljearret hieltyd faker yn Ljouwert op ûnferwachte mominten. Sa wol de plysje sa folle mooglik wapens yn beslach nimme. Oant no ta wiene de fûljearaksjes benammen yn de jûnsoeren.
No sil de plysje ek oerdeis minsken yn de Ljouwerter binnenstêd op besit fan messen, pistoalen en oare wapens kontrolearje. Ferline jier binne der by tolve aksjes mei inoar hast santich wapens yn beslach nommen.