Ekstraatsje minima NW-Fryslân

© Omrop Fryslân
Minsken yn it Noardwesten fan Fryslân, mei in leech ynkommen of útkearing, gean der meikoarten in lyts bytsje op foarút. De sosjale tsjinst fan acht gemeenten yn it Noardwesten hat besletten dat der in spesjale bydrage fan 100 euro yn it jier komt foar in sportklub of kulturele aktiviteiten.
Ek de bysûndere bystân wurdt wat ferhege. De gemeenterieden fan de acht gemeenten yn it Noardwesten fan Fryslân moatte noch wol in beslút nimme.