Aaisykjen pas ferbean by útbraak
As yn Nederlân fûgels fûn wurde dy't besmet binne mei it fûgelgrypfirus, wurdt it ljipaaisykjen net fuortendaliks ferbean. Dat seit it ministearje fan LNV. It aaisykjen wurdt net earder ferbean as dat der echt in útbraak fan it firus is, by in plomfeebedriuw. Dan wurde der bepaalde maatregels naam, mooglik ek in ferbod op aaisykjen.
It syk-seizoen begjint op 1 maart en duorret dit jier ien moanne.