Part GGZ ferhuze nei Ljouwert

21 feb 2006 - 17:03

It sintrum foar spesjalistyske behannelings fan de GGZ Fryslân is fan tiisdei ôf net langer húsfeste op it terrein fan Groot Lankum yn Frjentsjer, mar is no ûnderbrocht yn it Jelgerhûs yn Ljouwert.

Yn it Jelgerhûs yn Ljouwert wurde benammen minsken behannele dy't in trauma of persoanlikheidssteurnis ha. GGZ Fryslân hat de ôfdieling nei Ljouwert ferhuze om't dit plak better berikber is mei it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)