Bou brêge Menaam op skema

21 feb 2006 - 15:45

De bou fan de nije brêge yn in sintrum fan Menaam leit goed op skema. Dat seit it gemeentebestjoer fan Menameradiel. Op it stuit wurdt der net wurke oan de brêge. Dat komt omdat it beton úthurdzje moat.

De ferwachting is dat der takom wike in nije brêgediel pleatst wurde kin. Yn Menaam is aardich wat argewaasje. Auto's moatte in flink ein omride. Neffens de gemeente sil it wurk klear wêze op 14 april.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)