'Zalm moat ekskuses oanbiede'

© Omrop Fryslân
Minister Zalm moat ekskuses oanbiede oan de gemeenten dy't hy beskuldiget fan in te hege ozb. Dat seit Keamerlid Atsma fan it CDA.
Zalm sei snein yn it programma Buitenhof dat boargers yn guon gemeenten mear ozb betelje moatte as tastien is. Hy rôp har op om net te beteljen. By de groep soene ek Fryske gemeenten sitte. Neffens de Grinzer universiteit hat it ministearje de sifers út har ûndersyk net goed werjûn.