Oanfarring frachtskip by Lemmer

21 feb 2006 - 09:59

By de slûs yn it Prinses Margriet Kanaal by de Lemmer is moandei in frachtskip tsjin in stielen peal fearn. Dêrby is it skip lek rekke en foar in diel fol wetter rûn.

It giet om in binnenfeartskip dat laden is mei 1000 ton grint. De skipper kaam yn de problemen omdat der in technyske steuring wie by it roer. It grint is oerladen nei in oar skip. It skipfeartferkear hat gjin lêst hân fan it sonken skip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)