'Tsjinstregeling NS net goed'

© Omrop Fryslân
De NS moat op'e nij ûnderhannelje mei it Noarden oer de nije tsjinstregeling fan de spoarwegen. Dat fynt de twadde keamerfraksje fan it CDA. Wurdfierder Eddy van Hijum fan de fraksje sei moandei by in sprekbeurt yn Skarsterlân dat it CDA de krityk fan de provinsje Fryslân op dy tsjinstregeling dielt.
Neffens it CDA is de NS ferplichte om alle parten fan it lân goed berikber te hâlden en komt de NS dy ôfspraak net nei, at it om it Noarden giet.