Harkema oantrúnd om te stimmen

20 feb 2006 - 14:54

Fjouwer kandidaten foar de gemeenteried yn Achtkarspelen hawwe de ynwenners fan De Harkema oproppen om op 7 maart te stimmen. Op 'e Harkema wurdt it minst gebrûkmakke fan it stimrjocht. By de foarige riedsferkiezings wie der in opkomst fan 57 persint.

De oprop foar in hegere opkomst dit jier, komt fan fjouwer politisi fan De Harkema. Har oprop is benammen bestimd foar de jongeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)