Kreakers moatte fuort

© Omrop Fryslân
De kreakers yn de panden oan it Suderplein yn Ljouwert moatte fuort. Dat hat de rjochter moandei bepaald. Al goed trije jier wurde de twa âlde kantoaren fan makelaar Steinvoorte kreake.
De stichting dy't de panden yn behear hat, hie in koart pleit oanspand om de kreakers derút te krijen. De stichting wol fan de huzen kantoar- en wenromtes meitsje. De kreakers seagen de bui al hingjen en ha al in ôfskiesfeest jûn.