Man yn kafee Dokkum mishannele

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige man út Dokkum is yn de nacht fan sneon op snein yn in kafee oan de Oranjewal yn de stêd mishannele troch in 29-jierrige man út Moddergat. Doe't de plysje op it plak oankaam, ûntstie der bûten de hoarekagelegenheid in oare fjochtpartij.
Dêrnei bleau it ûnrêstich yn de stêd, mei noch in pear oare skermutselingen. Uteinlik hat de plysje in pear sjarzjes útfierd dêr't ek in hûn by ynsetten waard.