Mariusz en Bricquebec op Hark!

© Omrop Fryslân
It programma fan it festival Hark! is bekend. Yn de grutte seal fan De Mande yn Nijlân sille de sjongers Mariusz, Bauke van der Woude en Eddy Dykstra en de band Bricquebec optrede. Alle fjouwer artysten sille dan krekt wat oars dwaan as dat it publyk fan har wend is.
Dit jier is it de twadde edysje fan Hark!. Dat is in harksankjefestival op de sneons foar Peaske, yn Nijlân.