Fiskstân De Weerribben goed

20 feb 2006 - 10:00

De fiskstân yn De Weerribben is goed. Dat blykt út de fangsten fan tweintich Fryske snoekfiskers. Sy mochten sneon it natuergebiet yn om te fiskjen yn kreken en petgatten dêr't se it bestean amper fan wisten.

Doel fan de aksje fan Steatsboskbehear wie om te ûndersykjen hoe't it mei de fiskstân is yn it natuergebiet en oft it geskikt genôch is foar de otter. Ek de otter blykt it dêr goed te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)