Fiskstreupers oanholden
De plysje hat sneontejûn twa fiskstreupers oanholden op De Swarte Brekken. De manlju waarden trappearre by it binnenheljen fan de netten. De twa wenje beide yn Snits.
De plysje hat fiif netten, in boat en fisken yn beslach nommen. De netten geane nei Vissers voor Vissers yn Urk. De twa manlju binne nei ferhoar wer frijlitten.