Frysktalige list FNP wegere

19 feb 2006 - 17:40
Foto: Omrop Fryslân

De Frysk Nasjonale Partij (FNP) yn de gemeente Smellingerlân is lilk op de gemeente. In amtner fan de gemeente wegere de Frysktalige list dy't de FNP yntsjinne. Listlûker Hollema neamt de wegering skandalich en diskriminaasje.

Hollema fynt it logysk dat de partij de kieslist yn it Frysk opsteld hat. 'Alles mei yn it Frysk en dit net' sa seit er. De FNP moast mei in 'rotgefoel' in nije Nederlânsktalige list opstelle.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)