Needopfang 15/3 noch net ticht

© Omrop Fryslân
De asylsikers dy't opfong wurde yn Wytmarsum hoege dêr op 15 maart net wei. Dat wie wol de ferwachting, om't it gebou fan de needopfang op dy datum oergiet nei de nije eigner. Dat is de stifting Philadelphia, dy't der oare plannen mei hat.
Neffens in bestjoerslid fan de stichting dy't de needopfang koördineart, meie de bewenners fan de needopfang der no noch wol twa jier bliuwe at dat nedich is.