Peter de Vries sande yn Kuopio

18 feb 2006 - 23:03
Foto: Omrop Fryslân

De Frânsman Tristan Loy is winner wurden fan de tritichste edysje fan de alternative alvestêdetocht yn it Finske Kuopio. Twad waard Arjen Becker út Castricum. René Ruitenberg út Wezep waard tredde.

Bêste Fries waard Peter de Vries fan It Hearrenfean. Hy waard sande. Bert Jan van der Veen fan De Jouwer kaam as achtste oer de einstreek.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)