Romafamylje no yn Griene Stjer

18 feb 2006 - 16:31

De Romafamylje dy't ôfrûne wike op it carpoolplak by Reduzum fuortstjoerd is, is ferhuze nei de Griene Stjer by Ljouwert.

De gemeente Boarnsterhim hat de famylje woansdei fuortstjoerd, omdat je net kampeare meie op in carpoolplak. De Roma bliuwe noch in wike yn Ljouwert, dêr soene se tastimming foar krigen ha. Dêrnei geane se nei Grinslân. Se reizgje om guod te ferkeapjen. Normaal wenje se yn Brabân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)