Miljeu- en transportkontrôle

18 feb 2006 - 14:21

By in grutte miljeu- en transportkontrôle hat de plysje dizze wike 16 oertredings konstatearre. De plysje kontrolearre yn Fryslân mei inoar 21 auto's en frachtauto's.

Dêrby wiene ûnder oare sân ôffal-transporten en in transport mei gefaarlike stoffen. Yn 4 gefallen wie de apk ferrûn, ien sjauffeur hie gjin sjauffeurs-diploma, ien sjauffeur siet mei de telefoan yn 'e hân te beljen en yn ien gefal wurke de tachograaf net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)