Miljeu-jutte op It Amelân

© Omrop Fryslân
Inkelde tsientallen minsken sille takom wike op It Amelân miljeu-jutte. Dat is mei in jiskepûde oer it strân rinne en dan omslingerjende smoargens oprûmje. Minsken kinne dêr in spesjaal arranzjemint foar boeke, foar fjouwer of sân dagen.
Se út-fan-húzje by Stayokay, de eardere jeugdherberch en binne dan deis dwaande op it strân. Neffens Pieter van de Vossen fan Stay-okay is der in soad belangstelling foar it miljeu-jutten.