Glas slacht lêste training oer

18 feb 2006 - 13:13

Bobslider Arend Glas is freed net fan start gien by de lêste training foar de twamansbob by de Olympyske Spelen yn Turijn. Hy hat te folle lêst fan in spierblessuere tusken de ribben en it liket him better om rêst te nimmen.

De wedstryd fan de twamansbob stiet foar sneon op it programma. Glas soe freed noch ien kear starte mei Sybren Jansma, ek in Fries. Glas seit dat er sneon gewoan fan start giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)