Boeren tsjin heger wetterpeil

© Omrop Fryslân
De boeren fan NW-Fryslân wolle net dat it wetterpeil yn de sleatten omheech giet. Se sjogge ek neat yn it ûnder wetter setten fan lân. Neffens Wetterskip Fryslân moatte der yn it gebiet wetterbergingsgebieten boppe Frjentsjer komme.
Dit hat te krijen mei it sakjen fan de grûn troch ûnder oare de sâltwinning en it ferheegjen fan it wetterpeil yn de sleatten. En dat lêste is nedich om de fersilting fan NW-Fryslân tsjin te gean.