Kuierrûte mei histoarje Ferwert

18 feb 2006 - 12:40

It ferline moat mei koarten kloften toeristen nei Ferwert lûke. In histoaryske kuierrûte moat de besikers yn de kunde bringe mei de rike histoarje fan it doarp.

Sûnt tongersdei hawwe 14 hûzen en gebouwen yn it doarp in spesjaal boerd oan de muorre hingjen, wêrop wat oer it ferline te lêzen stiet. It idee foar de buordsjes en de kuierroute komt fan Ferwerter Pyt Nauta en amateur-histoarikus Johannes van Dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)