Mear parkearfakken Surhústerfean

© Omrop Fryslân
De werynrjochting fan it parkearterrein by supermerk C1000 yn it sintrum fan Surhústerfean smyt sa'n 15 ektra plakken op. Dat komt troch in oare yndieling en dúdlik sichtbere fakken.
De kosten fan de opknapbeurt, sa'n 160.000 euro, wurdt betelle mei it jild dat bestimd wie foar de útwreiding en werynrjochting fan it terrein achter de Edah-supermerk. Dy ûntwikkelings hat de gemeente op in leech pitsje set.